Menu

It nije Fryske Lieteboek

Bijna twee jaar na het verschijnen van het nieuwe ‘Liedboek, zingen en bidden in huis en kerk’ is nu ook de friese versie gereed. Die wordt binnenkort officieel aan de kerken aangeboden.

Sneon 18 april 2015 sil yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert it ‘Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke’ offisjeel oanbean wurde oan de tsjerken. Jo kinne der by wêze en fansels ek fuortendaliks meisjonge út dit nije Lieteboek. De gearkomste begjint om 15.00 oere. Nei ôfrin kinne dêr ek Lieteboeken kocht wurde. De dielnimmende tsjerken krije allegearre ien eksimplaar fergees.

In wike letter, sneon 25 april 2015, is der foar Friezen-om-útens yn de Grutte of Barbaratsjerke yn Culemborg opnij in presintaasje fan 12.00 – 17.30 oere, dêr’t ús DFE foarsitter ek in workshop fersoarge sil.

In beide gefallen fan herten wolkom!
DFE